Peter van der Voort fan Boksum nei Earste Keamer foar D66

26 jan 2020 - 12:54

Peter van der Voort út Boksum komt yn de Earste Keamer. Hy wurdt de opfolger fan Alexandra van Huffelen dy't foar D66 steatssekretaris fan Finânsjes wurdt.

Peter van der Voort - Foto: Eigen foto

Van der Voort is dokter en hat yn de jierren 90 as yntinsivist yn it MCL yn Ljouwert wurke. Ein ferline jier is hy ôfdielingshaad wurden fan de intensive care fan it UMCG yn Grins.

Yn 2019 wie Van der Voort kandidaat foar D66 by de ferkiezings foar de Earste Keamer.

Alexandra van Huffelen wurdt mei Hans Vijlbrief it nije steatssekretarisduo op Finânsjes. Se nimme it wurk fan de opstapte Menno Snel oer.

(advertinsje)
(advertinsje)