Wijfje wint 1500 meter; De Jong liedt klassemint

26 jan 2020 - 12:41

Melissa Wijfje hat snein de 1500 meter op it NK allround yn Thialf wûn. Twad waard Antoinette de Jong en Joy Beune waard tred. Wijfje rydt foar Gewest Fryslân.

Foto: ANP

Yn in streekrjocht duel wie Wijfje sterker as De Jong mei in tiid fan 1.54,94. De Jong bliuwt wol oan de lieding yn it algemien klassemint. Se moat op de lêste ôfstân, de 5.000 meter, in foarsprong fan 2,55 tellen op Wijfje ferdigenje.

Antoinette de Jong wûn sneon de 500 en de 3.000 meter.

De winner fan it NK allround giet nei it WK allround, ein febrewaris yn it Noarske Hamar. Earder al hienen Ireen Wüst en Antoinette de Jong startbewizen foar dat WK.

(advertinsje)
(advertinsje)