LIVEBLOG: EK Shorttrack mei topfavoryt Suzanne Schulting

26 jan 2020 - 16:58

Yn dit liveblog hâlde we alles by wat oer it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Hongarije te melden is. We sjogge hoe't Suzanne Schulting it docht. Wurdt se krekt as ferline jier Europeesk kampioen? En wat dogge Ithzak de Laat en Daan Breeuwsma?

  • Suzanne Schulting rydt snein de 1000 meter en de Superfinale;
  • De Laat en Breeuwsma ride de 1000 meter en de Superfinale;
  • Oan de ein fan de dei binne de relay-finales mei Schulting, Rianne de Vries, Breeuwsma, De Laat, Sven Roes en/of Dennis Visser.
17:14
Liveblog slút

We meitsje in ein oan de liveblog vanút Hongarije. Ferslachjouwer Roelof de Vries siket reaksjes fan de Fryske shorttrackers. Dy binne letter op de webside en de app fan omrop fryslân werom te finen.

17:06
PENALTY HONGARIJE - NEDERLÂN TWADDE YN RELAYFINALE

Nederlân pakt sulver nei in penalty foar Hongarije.

17:03
Skiedsrjochters besjogge de bylden

De útslach is noch net definityf, de skiedsrjochters besjogge de bylden fan de finale.

17:02
NEDERLÂN PAKT BRÛNS YN RELAYFINALE

Nederlân wurdt tredde yn de finale fan de relay. By de mannen riden Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Dylan Hoogerwerf net mei Sven Roes, mar mei Dennis Visser fan De Lemmer.

De finale wie tige spannend. Hongarije waard earste, Rulsân twadde.

16:45
Nderlânske relayploech Europeesk Kampioen

Rianne de Vries en Suzanne Schulting wurde tegearre mei Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven Europeesk Kampioen relay. Se bliuwe Ytaalje foar. Ruslân foel healweis de race en waard tredde. Hongarije krijt in penalty.

16:31
Wachtsje op de relayfinales

Nederlân sit aanst by sawol de manlju as de froulju yn de relayfinales. By de froulju riidt Rianne de Vries fansels wer mei, lykas Schulting, Van Ruijven en Van Kerkhof. Nederlân is de favoryt, Ruslân de grutte konkurrint. Ytaalje en Hongarije de oare tsjinstanners.

By manlju gjin Sven Roes, mar wol Dennis Visser fan De Lemmer. Ek Breeuwsma, De Laat en Dylan Hoogerwerf ride de finale. Hongarije is de favoryt en Ruslân de outsider. Mar wa wit kinne Nederlân of Ytaalje noch wat.

16:21
DE LAAT PAKT KREKT GJIN BRUNS OP IT EK

Itzhak de Laat wurdt tredde yn de superfinale, mar dat is net genôch foar it brûns yn it einklassemint. Elistratov wint de superfinale en klimt dêrtroch ten koste fan De Laat nei it tredde plak.

Shaoang Lui wurdt Europeesk Kampioen. Syn broerke Sandor Liu wurdt twadde.

16:14
Suzanne Schulting krijt in penalty

Yn de superfinale, mar dat mei de pret net drukke fansels. Se is Europeesk Kampioen. Se die op it lêste momint noch in alles of neat om earste te wurden, mar dat gong net hielendal goed.

Dêrnei mocht se noch in eareronde meitsje.

15:44
De Laat fjirde, Breeuwsma fyfde

Fierder komme de twa Friezen net. Net min fansels, mar we hiene miskien stiekem wol op in medalje hope.

De Laat bliuwt wol tredde yn it klassemint. Breeuwsma mei de superfinale ek ride.

  1. Shaoang Liu 76
  2. Sandor Liu 70
  3. De Laat 37
  4. Elistratov 31
  5. Bykanov 15
  6. Desmet 13
  7. Breeuwsma 6
  8. Confortola 4
(advertinsje)
(advertinsje)