Johan Lammering stapt út riedsfraksje S!N

26 jan 2020 - 10:42

Johan Lammering stapt út de fraksje fan S!N (Sociaal in Noardeast-Fryslân) yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân. Hy is it net iens mei de koers fan de partij.

De yngong fan it gemeentehûs yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

Bestjoer en fraksje fine syn fuortgean spitich, mar wurdearje wat er foar de partii dien hat. Lammering wie yn 2013 mei-oprjochter fan Dongeradeel Sociaal en fan 2014 ôf wie er kommisjelid foar dy partij yn de gemeenteried fan Dongeradiel.

Sûnt ferline jier wie er riedslid foar S!N. Hy nimt syn sit mei en bliuwt yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)