Winter is ek yn febrewaris fier fuort

26 jan 2020 - 10:34

Troch de súdwestewyn is it ek de kommende moanne waarmer as gewoanwei. De kâns op winter is yn febrewaris fier fuort. Miskien falt der wat wiete snie, mar de redens kinne wol yn it fet bliuwe.

IIs op 'e Boalserter-feart - Foto: Minne Schiphof

It mylde reinige waar fan jannewaris set ek de kommende wiken troch. De gemiddelde moannetemperatuer komt út op 4,5 graden. Dat is hast oardel graad waarmer as gewoan.

Mar kinsto echt net sûnder iis en wolst lekker ride? Doch mei oan de Omrop-aksje en win in keunstrydbaan!

De iiswike is fan 27 jannewaris oant en mei 2 febrewaris by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
waar winter froast
(advertinsje)
(advertinsje)