Grutte kraan takelet frachtwein út Skylger haven

26 jan 2020 - 09:06

De frachtwein dy't midden yn de haven fan Skylge lei, is sneontejûn mei in grutte kraan út it wetter helle. De bysûndere put luts in soad belangstellenden.

Foto: ProNews

Hoe't de frachtwein earder dy dei yn it wetter rekke is, is net bekend. Neffens tsjûgen soe de frachtwein mei pún fan in frachtboat ôfgliden wêze. Der soe gjinien yn de frachtauto sitten hawwe doe't dy yn it wetter telâne kaam.

De grutte kraan is spesjaal mei de lêste boat nei it eilân helle foar it bergingswurk. De frachtwein wurdt nei alle gedachten nei de wurkhaven sleept.

Trefwurden: 
Skylge frachtwein
(advertinsje)
(advertinsje)