Wer konifearebrân yn Drachten
Yn Drachten hat sneontejûn in konifearebrân west. Oan de Hornleger koenen buertbewenners it fjoer al gau út krije. De oproppen brânwacht hoegde net mear yn aksje te kommen.
De lêste tiid binne faak meldingen fan bûtenbrannen yn Drachten. In dei earder wie der brân yn in kontener oan de Berglaan.
In wike lyn makke in meiwurker fan de gemeente Smellingerlân in konifearebrân oan de Klaverweide út.