Aris Ljouwert makket gjin kâns op besite by Feyenoord Rotterdam

25 jan 2020 - 22:23

De basketballers fan Aris Ljouwert binne der sneontejûn net yn slagge om foar de fjirde kear op rige te winnen. Op besite by Feyenoord Rotterdam waard der yn Topsportcentrum Rotterdam mei 73-43 ferlern.

Arunas Mikalauskas fan Aris Ljouwert yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Al nei it earste kwart seagen de Ljouwerters tsjin in efterstân oan: 11-9. Dêrnei rekken de Rotterdamske skutters op stoom en dat tempo koe Aris net byhâlde. By it skoft stie der foar de Fryske ploech dan ek in grutte efterstân op it boerd: 35-20.

Nei it skoft rekken de Ljouwerters yn it tredde kwart de oerwinning definityf út it sicht. De Rotterdammers rûnen út ta 55-32. Yn it fjirde kwart waard de efterstân noch slimmer. Aris gie úteinlik mei 73-43 ûnderút.

Dield sânde plak

Troch de nederlaach stiet Aris mei acht punten tegearre mei Den Helder Suns op in dield sânde plak yn de Dutch Basketball League. Den Helder hat lykwols twa wedstriden minder spile. De Ljouwerters moatte by de earste seis einigje om harren te pleatsen foar de play-offs om it lânskampioenskip. Op dit stuit stiet BAL Weert mei tolve punten op dat seisde plak.

(advertinsje)
(advertinsje)