VC Snits yn fiif sets ûnderút tsjin Eurosped

25 jan 2020 - 22:18

VC Snits hat sneontejûn yn de earedifyzje ferlern. Op besite by Eurosped yn Sporthal het Punt yn Vroomshoop waard it 3-2 foar de nûmer twa fan de earedifyzje.

VC Snits yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

De Fryske froulju kamen yn de earste set nea echt yn de problemen. Dy set gie dan ek frij ienfâldich mei 20-25 nei Snits. Yn de twadde set hie Snits mei 10-14 al gau wer in foarsprong te pakken, mar de Oeriselse ploech kaam wer werom ta 16-16. Dêrnei rûn de thúsploech út ta 24-21 en krigen se trije setpunten. It slagge Snits om twa dêrfan te oerlibjen, mar it tredde setpunt wie raak foar Eurosped: 25-23.

Ek yn de tredde set wiene beide ploegen oan inoar weage. Oant 'e mei 20-20 gie it lykop, mar yn de beslissende faze die Snits it krekt wat better: 22-25. Yn de fjirde set rûn Eurosped út ta 21-17, mar Snits toande fearkrêft en kaam werom ta 21-21. De enerzjy like doe lykwols op, want de set gie mei 25-21 noch nei de thúsploech.

Beslissende set

Yn de lêste en beslissende set kaam de Fryske ploech op in 6-4 efterstân. Dy waard lykwols omset yn in 8-10 foarsprong, wêrnei't Eurosped mei 12-10 wer de lieding naam. Dy klap kaam VC Snits net wer te boppe. De Friezinnen pakten gjin punt mear en dus gie de fiifde set mei 15-10 nei de ploech út Vroomshoop.

Kampioenspûl

VC Snits bliuwt troch de nederlaach mei 24 punten op it fjirde plak yn de earedifyzje. De ploech moat by de earste seis einigje om har te pleatsen foar de play-offs om it lânskampioenskip. It moat mei noch twa wedstriden te gean foar Snits wol hiel nuver rinne wol dat net slagje. Nûmer fiif Zwolle hat op it stuit 22 punten, nûmer seis Set-Up '65 hat der 19 en nûmer sân FAST hat der 18. Set-Up '65 en FAST hawwe respektyflik noch wol trije en fjouwer wedstriden tegoede.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Eurosped
(advertinsje)
(advertinsje)