UNIS Flyers krekt te sterk foar Bulldogs Luik

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe sneontejûn in oerwinning behelle yn de BeNe League. Op Thialf wie de Fryske ploech mei 3-2 te sterk foar it Belgyske Bulldogs Luik.
UNIS Flyers krekt te sterk foar Bulldogs Luik
De Flyers kamen lykwols in de iepeningsfaze wol op efterstân troch in doelpunt fan de Kanadees Jessyko Bernard. De efterstân waard yn de earste perioade lykwols noch omset yn in foarsprong troch goals fan Brent Janssen en de Kanadees Trevor Petersen.
UNIS Flyers - Bulldogs Luik: Oosterwijk
Yn de twadde perioade makke de Kanadees Trevor Hunt der 3-1 fan. Yn de lêste en tredde perioade die de Belgyske ploech fia Frank Neven noch wol wat werom, mar de oerwinning gie nei de Flyers: 3-2.
Flyers -Bulldogs Luik: Kenny Welles
Troch de oerwinning stiet UNIS Flyers no mei 37 punten op it earste plak yn de BeNe League. Nûmer twa Herentals hat 28 punten.
Snein spylje de Friezen yn en tsjin Geleen.
Martijn Oosterwijk fan UNIS Flyers yn in eardere wedstriid © www.orange-pictures.nl