Hearrenfean - AZ wie in "drege wedstriid"

25 jan 2020 - 22:01

Sportklup Hearrenfean spile sneontejûn in "drege wedstriid" tsjin AZ. De Feansters ferlearen de striid mei 2-1. De goal oan de kant fan Hearrenfean kaam fan Ejuke, wylst dy fan AZ makke waarden troch De Wit en Boadu. De ploech fan trainer Johnny Jansen stiet nei dit ferlies foarearst op in njoggende plak.

It wie in drege wedstriid, fûn ek trainer Johnny Jansen. "De eerste helft wil je lekker meevoetballen, maar dan zijn we weer heel snel de bal kwijt." De ploech kaam nea echt yn it spul, wêrtroch't it foar Hearrenfean fielde as in drege pot. Benammen it rappe balferlies fan Hearrenfean, wie frustrearjend, om't de ploech dêrtroch hieltyd efter de feiten oanrûn. "We kregen er geen grip op", ferklearret ferdigener Sven Botman.

Yn de 35ste minút kaam AZ op foarsprong, mei troch in mislearre omhaal fan Botman. "Het zag er heel ongelukkig uit", jout ek Jansen ta. "Het is een leermoment", sjocht Botman sels werom. "Uiteindelijk moet ik die bal gewoon over de achterlijn koppen, en het makkelijk houden."

Hearrenfean wie lykwols net kânsleas yn de wedstriid, benammen yn de twadde helte wiene der kânsen om de skoare lyk te lûken nei 2-2. "Zij hebben hun mogelijkheden gehad, en wij ook", seit Jansen. "Het was gewoon een pittige wedstrijd."

Dêr komt by dat Hearrenfean earder dizze wike noch in drege pot yn de bekerkompetysje spile hat: in lykspul mei ferlinging en penaltys tsjin Willem II. "Het is geen excuus, maar ik denk wel dat ze daar in de eerste helft last van hadden. In de tweede helft komen we in een andere modus terecht, en dan zet je jezelf er overheen."

Takom wike spilet Hearrenfean tsjin Fortuna Sittard.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean AZ
(advertinsje)
(advertinsje)