LDODK fersommet mei ferlies om kopposysje werom te pakken

LDODK hat sneontejûn de kopposysje yn de Korfbal League net werompakt. Op besite by KZ út Koog aan de Zaan waard mei 28-26 ferlern, wylst koprinner TOP op besite by DVO mei 28-21 ferlear.
LDODK fersommet mei ferlies om kopposysje werom te pakken
De Fryske ploech, dy't net beskikke koe oer de blessearre Julian Frieswijk en de sike Friso Boode seach nei tweintich minuten tsjin in efterstân oan: 10-8. Fia ûnder mear Marjolijn Kroon, Marloes Frieswijk en Erwin Zwart kaam de ploech by it skoft úteinlik werom ta 13-13.
Yn de twadde helte rekke de ploech fan De Gordyk de kontrôle oer de wedstriid kwyt. Mei noch acht minuten te gean stie it 23-19. LDODK kaam noch wol werom, flak foar tiid skoarde Erwin Zwart mei syn njoggende goal de 27-26. Mar it wie net genôch foar in oerwinning: 28-26.
LDODK yn aksje yn Koog aan de Zaan © LDODK.nl
By KZ wie Alwin Out bysûnder op skot: hy skoarde 10 kear. Foar LDODK kaam Erwin Zwart ta 9 treffers, Marjolijn Kroon makke 5 goals en Marloes Frieswijk en André Zwart skoarden elk 4 kear.

Twadde plak

Troch de nederlaach stiet LDODK noch mei sechtjin punten út alve wedstriden op it twadde plak yn de Korfbal League. Koprinner TOP hat mei santjin punten ien punt mear as LDODK.