Skylgers begjinne mei de berging fan de frachtwein yn de haven

25 jan 2020 - 21:15

Op Skylge is sneontejûn úteinset mei de berging fan de frachtwein dy't yn it wetter fan de haven leit. It gefaarte leit it skipfeartferkear yn it paad.

Foto: ProNews

Om de frachtwein boppe wetter te krijen is ûnder oare in kraan ynset. Dizze is spesjaal mei de lêste boat nei it eilân ta helle om te helpen by dizze klus. De frachtwein bedarre sneon oan de ein fan de middei yn it wetter fan de haven. Nei alle gedachten is it gefaarte fan in frachtboat ôfgliden.

De frachtwein wurdt nei alle gedachten nei de wurkhaven sleept.

Trefwurden: 
Skylge frachtwein
(advertinsje)
(advertinsje)