Harkje no: NNO goes HaFaBra op it Koperkanaal

It optreden fan it Noord Nederlands Orkest (NNO) in wike lyn stie folslein yn it ramt fan HaFaBra-muzyk, in kombinaasje fan harmony, fanfare en brassband. Yn De Harmonie yn Ljouwert spile it orkest ûnder oare de muzyk fan de Feanster komponist Jacob de Haan. De registraasje fan it konsert NNO goes HaFaBra is hjir werom te hearren.
© Mitch de Pon
Ceremonial Fanfare voor Brassband
Sinfonietta no. 1 voor Brassband
The Book of Urizen 1. The Vision 2. Creation
Symphony no. 2 The Big Apple (a New York Symphony)
De Haan hat al mear as hûndert wurken foar koaren, harmony en fanfare skreaun en syn komposysjes wurde yntusken oer de hiele wrâld útfierd.
De Haan is ien fan de meast spile HaFaBra-komponisten fan Nederlân. It Noord Nederlands Jeugd Orkest spilet, ûnder lieding fan Erik Janssen, twa dielen út The Book of Urizen fan De Haan.
Jacob de Haan waard yn 1959 berne op It Hearrenfean en studearre oan it konservatoarium yn Ljouwert, dêr't hy letter werom kaam as dosint. In soad Harnzers hawwe muzykles fan him hân op skoallemienskip Simon Vestdijk.
Yntusken wurde syn kreaasjes wrâldwiid útfierd. Foar LF2018 skreau hy de komposysje Grutsk, dêr't wat fan it Fryske folksliet yn ferwurke sit. Yn 2018 wûn De Haan de Buma Classical Award.

Johan de Meij

It programma wurdt iepene mei it stik Ceremonial Fanfare fan de Súd-Hollânske komponist Johan de Meij, útfierd troch Soli Brass Leeuwarden. Yn april 2009 waard dit wurk yn New York útfierd troch koperblazers fan it New York Philharomnic en it Koninklijk Concertgebouw ta gelegenheid fan de 400-jierrige freonskip tusken de Feriene Steaten en Nederlân. Dêrnei klinkt De Meij's Sinfonietta nr.1.