Hearrenfean mei 2-1 ûnderút tsjin AZ

Sportklup Hearrenfean hat de wedstriid tsjin AZ sneontejûn ferlern mei 2-1. De goal oan de kant fan Hearrenfean kaam fan Ejuke, wylst dy fan AZ makke waarden troch De Wit en Boadu. De ploech fan trainer Johnny Jansen stiet nei dit ferlies foarearst op in njoggende plak.
© orange-pictures.nl
Foarôfgeand oan de wedstriid wie it folsleine Abe Lenstrastadion in minút lang stil om Chris de Wagt te betinken. De jeugdtrainer fan Hearrenfean kaam ferline wike te ferstjerren. De spilers hiene ek roubannen om, om harren klupmaat te betinken. It publyk hie yn de 34ste minút fan de wedstriid noch ekstra omtinken foar De Wagt. Mei in grut applaus waard de jeugdtrainer betocht.

De wedstriid

De wedstriid sels begûn fuort mei aksje, en de earste kâns wie dan ek foar Hearrenfean: Van Bergen fûn Odgaard, mar dy koe net ta in skot komme. Yn de begjinfaze wie it lykwols AZ dy't de sterkere ploech wie. It duorre dan ek net lang foar't de ploech út Alkmaar in earste lytse kâns útspile. Mar De Wit skeat rjocht yn de hannen fan Hahn, en it bleau noch 0-0.
Yn de 35e minút kaam Hearrenfean dan dochs op efterstân. Dizze kear wie it wol raak foar De Wit, dy't de bal foarby Hahn tikje koe nei't Botman ûnder de bal trochgie. De 0-1 stân wie ek de skoare dy't beide ploegen meinamen de rêst yn.

Twadde helte

Yn de twadde helte bleau it dreech foar Hearrenfean om it AZ lestich te meitsjen. De ploech út Alkmaar koe de Feansters reedlik ienfâldich de baas. Dochs slagge it de ploech fan Johnny Jansen om yn de 69ste minút, folslein ferrassend de 1-1 te meitsjen. Ejuke waard troch Faik fuortstjoerd mei in stekpass. De oanfaller koe de bal dêrnei kreas yn de rjochterhoeke stjoere.
Mar lang koe Hearrenfean net genietsje fan it lykspul, want yn de 72ste minút slagge it Myron Boadu om út in hoekskop te skoaren. Krekt foar de ein fan de wedstriid wie der noch diskusje oer in mooglike penalty foar Hearrenfean. Der soe hands makke wêze troch AZ, mar skiedsrjochter Blom gie dêr net yn mei. AZ koe dêrnei de winst oer de streek lûke.