Bysûndere útstalling fan Fryske keunstner JanMurk de Vries

Yn paviljoen Obe op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is sneon in útstalling mei wurk fan de yn Boalsert berne keunstner JanMurk de Vries úteinset.
Utstalling keunstner JanMurk de Vries yn Obe
De yn 2015 op 95-jierrige leeftiid ferstoarne tekener, skilder, byldhouwer en edelsmid is by it grutte publyk net echt bekend. Mar syn wurk is op in soad plakken yn Fryslân te finen.
De Vries wie tige religieus en makke in soad wurken foar de tsjerke. Syn wurk is ûnder oaren ynspirearre op de Cobra-streaming, mar wol hast altyd figuratyf.
De kolleksje yn Obe komt op ien stik nei út syn neilittenskip oan de Roomsk katolike parochy Heilige Jacobus út Harns. Allinnich it stik De Fluitist komt út in partikuliere kolleksje.
De tentoanstelling luts sneon mear as hûndert minsken. En dy wiene oer it algemien entûsjast oer wat se seagen.
De útstalling fan De Vries is noch te sjen oant en mei 5 april. De tagong is fergees.