Suzanne Schulting: “Beter dan dit kan het niet gaan”

25 jan 2020 - 19:22

Suzanne Schulting is yn de bêste foarm fan har libben. Dat sei se nei har twa gouden medaljes op it EK Shorttrack yn Debrecen. "Beter dan dit kan eigenlijk niet." Se wûn sneon goud op de 1500 en 500 meter.

Schulting makke in soad yndruk. Mei har prestaasjes, mar ek mei de wize wêrop. Dat se de 500 meter wûn, makke op harsels noch de measte yndruk. "De complete wereldtop staat hier aan de start. Dat je dan met een gouden medaille naar huis mag gaan, is natuurlijk top."

'Better as ea'

Neffens Schulting is se mominteel better as ea. "Dat ben ik ja. De 500 meter winnen en zo'n versnelling op de 1500 meter dat was me vorig jaar niet gelukt."

Schulting hat nei de earste twa ôfstannen in 100 prosint skoare en al 50 prosint fan de punten binnenhelle. Se dominearret. "Ik ben vooral ontzettend blij dat alles goed valt. Dat ik goed rijd, eerste sta en win. Wat de rest van het veld dan vindt dat maakt me niet zo veel uit. Ik wil gewoon het allerbeste gevoel van de wereld hebben en dat heb ik vandaag. Dus dat is lekker."

(advertinsje)
(advertinsje)