Douwe de Vries fjirde nei earste dei NK allround

25 jan 2020 - 18:31

Douwe de Vries stiet nei de earste dei op it NK allround op it fjirde plak. De reedrider fan Hallum, no wenjend op It Hearrenfean, hat in efterstân fan 2,68 sekonden foar de 1.500 meter fan snein.

Douwe de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Op de earste ôfstân fan de dei, de 500 meter, wie Tjerk de Boer fan Weidum de beste Fries. Hy sette mei 36,31 de tredde tiid del. Thomas Geerdinck wûn dy ôfstân yn 35,50 en it twadde plak gie nei Louis Hollaar (35,89). Titelferdigener Douwe de Vries waard njoggende mei 37,20 en gie dêrtroch mei in efterstân fan 17 sekonden op Geerdinck de 5.000 meter yn.

De Vries klimt

De 5.000 meter wie foar De Vries in mooglikheid om te klimmen yn it klassemint. Dat slagge ek mei in tredde plak op dy ôfstân. Hy ried 6.19,55, wêrmei't hy nei it fjirde plak klom. De Boer ferlear flink terrein op de 5.000 meter. Hy sakke fan it tredde nei it achtste plak mei syn tiid fan 6.46,49.

Jan Blokhuijsen en Marcel Bosker setten mei harren rit de fluchste tiden fan de dei del mei respektyflik 6.18,02 en 6.18,32. Sy nimme dan ek de earste twa plakken yn it klassemint yn: Blokhuijsen it earste plak en Bosker it twadde plak. It tredde plak is op dit stuit foar Geerdinck. Douwe de Vries hat op de 1.500 meter fan snein in efterstân fan 2,68 sekonden goed te meitsjen op klassemintslieder Blokhuijsen.

De ôfslutende 10.000 meter bringt sneintemiddei úteinlik de beslissing yn it allroundtoernoai.

WK allround

Op it NK is in ticket foar it WK allround yn it Noorske Hamar te beheljen. Patrick Roest en Sven Kramer binne troch harren prestaasjes op it NK ôfstannen al wis fan in startplak op dat toernoai. Sy komme dit wykein beide net yn aksje op Thialf.

(advertinsje)
(advertinsje)