Ljouwert makket him op foar fjoerspektakel fan Frânsk selskip

25 jan 2020 - 17:47

It sintrum fan Ljouwert wurdt takom wykein hielendal opljochte mei fjoer. It Frânske selskip Compagnie Carabosse fersoarget dan op ferskate plakken yn 'e stêd in fjoersjo. It opbouwen is dizze sneon begûn. Frachtweinen út Frankryk ride ôf en oan.

De Frânsen hawwe in pear moanne lyn yn Ljouwert west om ynspiraasje op te dwaan en hawwe fan alles spesjaal foar Ljouwert betocht. "We bouwe hjir in tsjerke en we hingje in grut ljocht foar de toer", sa fertelt Christophe Bricheteau fan Compagnie Carabosse. Hy wol de minsken in "zen" gefoel jaan. "Dat eltsenien it fjoer yn himsels wer fielt. Der is gjin libben sûnder fjoer."

De sjo is fan tongersdei 30 jannewaris oant en mei sneon 1 febrewaris te sjen tusken seis en tsien oere jûns. Alle jûnen wurde sa'n 30.000 minsken ferwachte. De winkels meie op alle dagen oant 22.00 oere iepen wêze. De organisaasje advisearret om mei it iepenbier ferfier te kommen.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach by de opbou

(advertinsje)
(advertinsje)