ONS Snits pakt wichtige winst nei bysûnder earbetoan oan De Wagt

25 jan 2020 - 17:29

De Fryske fuotbalklups hawwe sneon wikseljende resultaten helle, mei winst foar ONS, in lykspul foar Harkemase Boys en in ferlies foar Bûtenpost.

Foto: Twitter ONS Sneek

ONS Snits

Foarôfgeand oan de wedstriid tusken ONS Snits en FC Lisse is earst wiidweidich stilstien by it ferstjerren fan de eardere ONS-spiler en -trainer Chris de Wagt. De flaggen by it sportpark wiene hjirfoar ek healstôk hongen.

De wedstriid koe nei dit yndrukwekkende momint los. It duorre in heal oere foar't de stân by de wedstriid yn beweging kaam. Dat barde mei in doelpunt fan Genridge Prijor: 1-0. Dit wie ek de stân by rêst.

Yn de twadde helte koe ONS de foarsprong fierder útwreidzje, nei't Denzel Prijor mei in streek yn de linkerboppehoeke de thúsploech op 2-0 sette. Lisse makke de wedstriid yn de 83ste minút lykwols wer spannend, nei't Boyd Stevens út in frije traap de oanslutingstreffer meitsje koe. Mar net lang dêrnei makke Genridge Prijor fan ôfstân de 3-1, Davey Lohman makke fuort dêrnei noch de 4-1 en sette dêrmei de einstân op it skoareboerd.

Hjirmei hat ONS Snits de twadde oerwinning fan dit seizoen pakt, en binne se foarearst fan it lêste plak ôf.

VV Bûtenpost

VV Bûtenpost hat sneontemiddei thús mei 2-0 ferlern fan Flevo Boys. De thúsploech moast al nei tolve minuten in tsjinslach ferwurkje: Mark Huizinga waard mei read fan it fjild stjoerd nei't er de trochbrutsen Flevo Boys spiler Arjan Nijboer delhelle. Nei 44 minuten koene de besikers har man-mear foardiel omsette yn in foarsprong: Timon Rorije makke de 1-0.

Bûtenpost koe yn de twadde helte noch lang hoop hâlde op in wûnder, mar yn de 82ste minút smiet Aran Nijboer de wedstriid yn it slot.

Harkemase Boys

Harkemase Boys kaam yn de wedstriid tsjin Hoek nei njoggentjin minuten op in 1-0 foarsprong troch in rake penalty fan Jesse Renken. Harkyt Pier Veldman waard fêsthâlden yn it sechtjinmetergebiet en kaam te fallen, wat neffens de skiedsrjochter in penalty wurdich wie.

Yn de 40ste minút krige Hoek ienselde kâns. De thúsploech mocht oanlizze fan alve meter ôf, Rik Impens makke foar Hoek de lykmakker. De penalty waard jûn nei't Berwout Beimers hands makke yn it strafskopgebiet.

Yn de twadde helte komme der noch wol kânsen, mar de stân feroaret net mear. Hjirmei pakke Harkemase Boys in punt op besite by Hoek.

(advertinsje)
(advertinsje)