Schulting pakt ek EK-goud op 500 meter

Suzanne Schulting hat op it EK shorttrack ek de 500 meter wûn. Yn it Hongaarske Debrecen wie se rapper as Martina Valcepina en Natalia Maliszewska. Earder op de dei wûn de rydster fan De Tynje al de 1.500 meter.
Schulting pakt ek EK-goud op 500 meter
Schulting hat no in riante foarsprong yn it algemien klassemint. De Friezinne hat 68 punten, wylst de efterfolgers op it twadde en tredde plak, respektyflik Arianna Fontana en Martina Valcepina, mar 21 punten hawwe.
Suzanne Schulting © www.orange-pictures.nl
Top fiif fan it klassemint:
1. Schulting 68
2. Fontana 21
3. Valcepina 21
4. Malisewska 13
5. Seidel 13