Frachtauto bedarret midden yn haven fan Skylge

25 jan 2020 - 16:49

Midden yn de haven fan Skylge leit sneontemiddei in frachtauto. Hoe't de frachtwein yn it wetter rekke is, is net bekend. Neffens tsjûgen soe de frachtwein fan in skip ôfgliden wêze.

Foto: Jorrit Heemstra

Meiwurkers fan rederij Noordgat besjogge hoe't sy de frachtauto wer oan wâl krije kinne. Der soe gjinien yn de frachtauto sitten hawwe doe't dizze yn it wetter telâne kaam. It giet om in frachtwein mei pún.

Om't de frachtwein midden yn de haven leit, kin it oare skipfeartferkear der lêst fan hawwe. Der sil sjoen wurde oft de wein der mei leech wetter úthelle wurde kin.

Trefwurden: 
haven Skylge frachtauto
(advertinsje)
(advertinsje)