Letitia de Jong op roazen by NK sprint nei oerwinningen op 500 en 1000 meter

Letitia de Jong fan Feanwâlden giet nei de earste dei fan it KPN NK sprint op It Hearrenfean mei grutte foarsprong oan de lieding. De Jong wûn sawol de 500 as de 1000 meter.
Letitia de Jong © www.orange-pictures.nl

De Jong wint 500 meter, Kok twadde

Op de 500 meter wie De Jong mei 37,92 de iennige dy't ûnder de 38 sekonden bleau. Dêrmei wie se goed twa tsiende (0,21) rapper as Femke Kok fan Nij Beets, dy't twadde waard. Janine Smit fan It Hearrenfean en Sanneke de Neeling dielden mei 38,29 it tredde plak.

Ek 1000 meter foar De Jong

Op de twadde ôfstân fan de dei wie De Jong mei 1.14,75 ek de fluchste. Jorien ter Mors ried 1.15,07 en klom dêrtroch nei it twadde plak yn it klassemint. Yn in direkt duel wie Wüst (1.15,33) in stik rapper as de 19-jierige Kok (1.16,21). Hjirtroch sakke Kok nei it fiifde plak yn it klassemint.

Klassemint

De Jong hat no in foarsprong fan 0,67 sekonde op de 500 meter fan snein. Ireen Wüst, dy't it NK sprint rydt as training foar it WK ôfstannen, stiet dield tredde tegearre mei Sanneke de Neeling. Kok komt dêr op it fiifde plak krekt efter.

WK Sprint

De winneres fan it NK sprint pleatst har foar it WK sprint, ein febrewaris yn it Noarske Hamar. De Jong en Jutta Leerdam binne al wis fan in startbewiis. As De Jong de titel op Thialf pakt, dan giet it ticket nei de nûmer twa. Leerdam stiet dit wykein net oan de start op it NK.
Jesper Hospes © www.orange-pictures.nl

Ien Fries by de manlju

By de manlju docht mar ien Fries mei oan it sprinttoernoai: Jesper Hospes. De rider fan It Hearrenfean stiet nei twa ôfstannen op it fiifde plak yn it klassemint. Op de 500 meter waard Hospes mei 35.29 noch tredde, mar op de 1.000 meter ferlear hy in protte terrein. Hy ried mei 1.10.01 nei it sânde plak. Hospes hat nei de earste dei in efterstân fan 0,98 sekonde op klassemintslieder Ronald Mulder.