Antoinette de Jong mei twa seges oan de lieding nei earste dei NK allround

Antoinette de Jong giet nei de earste dei fan it KPN NK allround op It Hearrenfean oan de lieding. Op Thialf wûn de reedrydster fan Rottum de 500 en 3.000 meter. Reina Anema fan De Gordyk stiet nei de earste dei op it fiifde plak.
Antoinette de Jong © www.orange-pictures.nl
Op de 500 meter wie De Jong mei 38,95 goed twa tsienden rapper as Melissa Wijfje (39,17), dy't twadde waard. Joy Beune, dy't ôfrûne jier de 500 meter op it NK allround noch wûn, waard tredde mei 39,43. Anema waard achtste mei in tiid fan 40,38.

3.000 meter

Op de twadde ôfstân fan de dei wie De Jong mei 4.00,66 op 'e nij de rapste. Regearjend kampioene Carlijn Achtereekte waard twadde mei 4.02,84 en it tredde plak gie mei 4.02,87 nei Wijfje. Anema einige bûten it poadium mei 4.03,28, mar klom wol trije plakken yn it klassemint.
Op snein stean op Thialf de 1.500 meter en de ôfslutende 5.000 meter op it programma. De Jong ferdigenet op de 1.500 meter in foarsprong fan 1,77 sekonde op Wijfje, 4,16 sekonden op Beune en 4,69 sekonden op Achtereekte. Anema moat 1,44 sekonden goedmeitsje op de 1.500 meter om de 5.000 meter as nûmer trije yn te gean.

"Ik bin der wer in bytsje"

De Jong hat noch net sa'n goed seizoen efter de rêch en dus is se fansels bliid mei har oerwinnings. "Op it NK ôfstannen ride ik as in pankoek yn 'e rûnte, hiel frustrearjend. Fan doe ôf haw ik der safolle enerzjy ynstutsen en it jout in goed gefoel dat it der no einliks útkomt. Ik wie efkes fuort, mar bin der wer in bytsje", sei De Jong.

WK allround

Op it NK allround is ien ticket foar it WK allround te fertsjinjen. De Jong en Ireen Wüst binne troch harren prestaasjes op it NK ôfstannen al wis fan sa'n startplak. As De Jong de titel pakt yn Thialf giet it ticket nei de nûmer twa. Wüst komt dit wykein wol yn aksje op Thialf, mar dan yn it sprinttoernoai.