Schulting prolongearret har Europeeske titel op de 1500 meter

25 jan 2020 - 15:11

Suzanne Schulting hat sneontemiddei yn Debrecen yn Hongarije de Europeeske titel pakt op de 1500 meter shorttrack. Yn de finale wie se fierwei de bêste.

Foto: ANP

De Friezinne prolongearret mei dizze Europeeske titel har titel fan ferline jier. Fjouwer ronden foar de ein sette Schulting in fersnelling yn. In yndrukwekkende prestaasje want it slagge gjinien om har by te hâlden.

De folsleine útslach is as folget:

  1. Schulting
  2. Fontana
  3. Seidel
  4. Efremenkova
  5. Desmet
  6. Zakharova
  7. Mascitto
(advertinsje)
(advertinsje)