Frysk frouljuspoadium by Iepen NK op Weissensee en winst foar Jouke Hoogeveen

By it Iepen NK op de Weissensee yn Eastenryk wie sneon in folslein Frysk poadium by de froulju: Manon Kamminga, Anne Tauber en Merel Bosma.
© timsimaging.nl
By de manlju wie ek Frysk sukses. Maratonreedrider Jouke Hoogeveen hat earder op de sneon op de Weissensee it Iepen Nederlânsk kampioenskip op natueriis op syn namme skreaun.
© timsimaging.nl
De rider fan Bouwselect ried yn de slotfaze solo nei de winst fan de wedstriid oer 150 kilometer. Achter him kaam Gary Hekman op it twadde plak, hy einige krekt foar Mart Bruggink, de winner fan ferline jier
"Ik sit der al sa lang op te wachtsjen, ik wist dat ik in kear winne koe", sei de 41-jierige rider út Drylts by schaatsen.nl.