Hurdfytser Hooghiemster: "Ik moat earst myn kwaliteit fan libben werom krije"

25 jan 2020 - 13:39

Hurdfytser Rene Hooghiemster is werom yn Fryslân nei in ûngelok op Mallorca. Hooghiemster botste frontaal tsjin in auto op yn in bline bocht wêrnei't hy swierferwûne rekke. Hy is tongersdei oerbrocht nei it sikehûs MCL yn Ljouwert en leit dêr yn karantêne om't hy yn in Spaansk sikehûs lei.

Nei omstannichheden giet it goed mei Hooghiemster. "Ik sprek myn talen wol, mar Spaansk is wol lestich. Ik bin bliid dat ik wer mei de susters Frysk prate kin", fertelt hy.

De hurdfytser út Snits krige op 8 jannewaris in ûngelok by in training op it Spaanske eilân. "Yn de ôfdaling fan in reedlik smelle beklimming bin ik yn in bocht by in auto opflein", fertelt er.

Hooghiemster hie slachierbliedingen wêrtroch't it 'kantje boord' wie foar de hurdfytser. Hy bruts dêrneist syn nekke en ferskate ribben, hat op meardere plakken syn heup brutsen en krijt hûdtransplantaasjes oan de skonken.

"Myn fuotten bewege noch, mar in dwerslesy wie ticht yn de buert", fertelt Hooghiemster. "Ik bin bliid dat it dochs goed liket. Foar my is it no it belangrykste dat ik wer gewoan rinne kin en dat ik de mobiliteit krij dy't je nedich hawwe om gewoan te funksjonearjen."

De doelen binne no earst gewoan hiel fier fuort. It is no earst kwaliteit fan libben werom krije.

René Hooghiemster

De gefolgen fan it ûngelok hawwe emosjoneel ek swier west foar de topsporter. "Dat is natuerlik hiel ferfelend. Ik bedoel, ik bin yn safiere de jongste net mear. Ik soe dit jier by in Dútske ploech ride, dêr't ik in hiel protte sin oan hie."

Hooghiemster wie op Mallorca om te trainen mei de ploech. "We hiene al tolve dagen hiel goed en hiel hurd traind en in protte kilometers makke. Dat dogge je om't je wer doelen stelle, dy doelen binne no earst gewoan hiel fier fuort. It is no earst kwaliteit fan libben werom krije."

It is net dúdlik wannear't Hooghiemster opknapt is. De ferwachting is dat hy noch wiken oant moannen refalidearje moat. Hy krijt in soad reaksjes, kaartsjes en berjochten út de hurdfytswrâld. "Ik ha der hast in deitaak oan", seit er.

(advertinsje)
(advertinsje)