LIVEBLOG: EK Shorttrack mei topfavoryt Suzanne Schulting

25 jan 2020 - 16:06

Yn dit liveblog hâlde we alles by wat oer it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Hongarije te melden is. We sjogge hoe't Suzanne Schulting it docht. Wurdt se krekt as ferline jier Europeesk kampioen? En wat dogge Ithzak de Laat en Daan Breeuwsma?

  • Suzanne Schulting rydt sneon de 1500 en 500 meter;
  • De Laat en Breeuwsma ride de 1500 en 500 meter;
  • Oan de ein fan de dei de relay heale finales mei Schulting, Rianne de Vries, Breeuwsma, De Laat, Sven Roes en/of Dennis Visser.
18:00
Liveblog sluten

Hjirmei komt in ein oan de twadde dei fan it EK shorttrack.

Sjoch foar mear ynformaasje en artikelen oer dit toernoai op ús webside.

17:55
Ek manlju nei finale

Ek sukses foar de Nederlânske manlju, want ek sy winne de heale finale.

Op snein nimt Nederlân it yn dy finale op tsjin Hongarije, Ruslân en Italië.

17:37
Froulju troch

De Nederlânske froulju hawwe harren heale finale op de relay wûn. Ek Hongarije, dat twadde waard, giet troch. Frankryk en Tsjechië binnen útskeakele.

De finale fan de relay is op snein.

17:33
Heale finale relay

We meitsje us op foar de heale finales fan de Nederlânske relayploegen. Mei wer in basisplak foar Sven Roes. Gjin Dennis Visser dus.

By de froulju ride deselde froulju. Rianne de Vries, Schulting, Van Ruijven en Van Kerkhof.

17:11
De Laat tredde yn klassemint

Yn it klassemint docht Itzhak de Laat noch folop mei foar in medalje. De Fries stiet no op it tredde plak.

De top seis:

1. Shaoang Liu 55
2. Sandor Liu 36
3. De Laat 29
4. Elistratov 18
5. Desmet 13
6. Bykanov 13

17:06
Fjirde plak foar De Laat

De Laat hat yn de finale fan de 500 meter net op 'e nij foar in ferrassing soarge. Hy waard fjirde.

17:05
Schulting riant oan de lieding

Schulting hat no in riante foarsprong yn it algemien klassemint. De Friezinne hat 68 punten, wylst de efterfolgers op it twadde en tredde plak, respektyflik Arianna Fontana en Martina Valcepina, mar 21 punten hawwe.

Top fiif fan it klassemint:

1. Schulting 68
2. Fontana 21
3. Valcepina 21
4. Malisewska 13
5. Seidel 13

16:57
SCHULTING PAKT EK GOUD OP 500 METER

Suzanne Schulting hat op it EK shorttrack ek goud op de 500 meter wûn. Se wie rapper as Martina Valcepina en Natalia Maliszewska.

16:48
Dêrnei de manlju

Nei de froulju ferwachtsje we om 17.00 oere de finale by de manlju mei de earste startposysje foar De Laat:

1 De Laat
2 Sandor Liu
3 Shaoang Liu
4 Elistratov
5 Desmet

16:47
Finale oer fiif minuten

Schulting rydt om ûngefear 16.52 oere de finale.

Dit is de line-up:

1 Schulting
2 Valcepina
3 Malisewska
4 Van Ruijven

(advertinsje)
(advertinsje)