Willy Broekstra makke boek oer kanker: "Ik ha mazzel hân"

26 jan 2020 - 10:35

'Kaal Haar' is de titel fan in boek dat takom wike ferskynt. Yn it boek beskriuwt Willy Broekstra fan Dokkum mei Paul Peijenburg har striid tsjin leukemy.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Fan it earste berjocht dat der wat mis wie, fia de gemo's, de stamseldonaasje fan broer Theo, it meilibjen fan famylje en freonen, oant it better wurden. De titel fan it boek ûntliende se oan in opmerking fan beppesizzer Sara.

Om't de stamseltransplantaasje goed oanslacht, giet it mei Willy Broekstra stadichoan better. Mar dan kriget it famyljeferhaal dochs noch in dramatyske draai. Har man Gerrit kriget in fatale diagnoaze: longkanker.

Se hie alles foar har begraffenis al op papier set. "Fan de kleur fan de kiste oant de foering fan de kiste." Mar sa seit se: "Je hawwe mazzel of pech, je rêde it of je rêde it net. Der falt net tsjin te fjochtsjen, it oerkomt je. Ik ha mazzel hân."

Broer Theo woe fuort helpe, hy hat der net ien tel oer prakkesearre. "As myn earm ha moatst, krijst myn earm. As ik dy helpe kin, dan help ik dy."

René Koster prate mei Willy Broekstra en har famylje

It folsleine ferhaal is sneintemoarn te hearren yn Buro de Vries tusken 11.00 en 13.00 oere en hjirûnder. Mear ynformaasje oer it boek is te finen op de Facebookside Kaal Haar.

(advertinsje)
(advertinsje)