Cambuur Sjoernaal: Oerwinning op emosjonele fuotbaljûn

25 jan 2020 - 12:55

SC Cambuur belibbe freed in bysûndere jûn. It behelle in 3-1 oerwinning op Jong FC Utrecht, mar dêr waard eins hast net oer neipraat. It gie benammen oer it betinken fan âld-spiler Chris de Wagt, dy't ôfrûne snein op 34-jierrige leeftiid ferstoar. De Wagt spile fiif seizoenen foar Cambuur en dus wie der freed in minút stilte, spilen de Ljouwerters mei roubannen en applaudissearren de fans yn de 34ste minút. Dat en mear yn it Cambuur Sjoernaal...

(advertinsje)
(advertinsje)