Op & Ut: Blommen en planten bloeie no al troch waarme waar

25 jan 2020 - 12:10

It is bysûnder waarm foar de tiid fan it jier. Dat is te fernimmen yn it waar en de natuer. Blommen en planten begjinne no al te bloeien en de winter liket fierder fuort as oait.

Yn de natuerrubryk fan Op & Ut leit Johan de Jong út dat troch dit waarme winterwaar de útkomsten fan de nasjonale túnfûgeltelling dit jier wolris hiel oars wurde kinne.

Yn de tún- en waarrubryk fan Klaas Piekstra en waarman Piet Paulusma giet it dizze wike oer de hege barometerstân en it rûge waartype fan takom wike. En troch it waarme waar bloeie der no al in soad blommen en planten. Klaas Piekstra fertelt deroer.

Op & Ut wurdt alle sneonen útstjoerd tusken 09:00 en 12:00 oere op 92.2 FM en op Omrop Fryslân TV. Harkje hjir de folsleine útstjoering fan sneon werom.

(advertinsje)
(advertinsje)