It werombringen fan Joadske bern giet stadich, mar wol foarút

It is oant no ta slagge om mei 20 minsken kontakt te lizzen, dêr't wis fan is dat se út de kresj nei Fryslân smokkele binne. Nei skatting 210 bern binne yn de oarloch troch studinten út Amsterdam nei Fryslân brocht.
Researchteam syktocht Joadske bern © Omrop Fryslân, Karen Bies
Dy bern waarden opnommen yn Fryske pleechgesinnen. It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' wol dy groep Joadske bern opsykje en by elkoar bringe, yn maaie fan dit jier, 75 jier nei de befrijing.
De syktocht nei Joadske bern smyt hûnderten reaksjes op. Alle dagen komme der e-mails binnen fan minsken, dy't sels ûnderdûkt sitten hawwe yn Fryslân, of fan minsken dy't oantinkens hawwe oan Joadske bern yn it doarp dêr't se wennen. Soms hat harren eigen famylje in Joadsk bern opfongen, en binne minsken ree om te helpen mei ynformaasje.
It researchteam fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is alle dagen dwaande om dy reaksjes te checken. Heal novimber kaam de earste oprop, en troch publikaasjes yn de Fryske media komme der hieltyd wer nije reaksjes binnen.
Undersikers Sue Smeding en Martijn van Dijk

Dreech sykjen

It werombringen fan de Joadske bern giet stadich. Ferskate faktoaren meitsje it in drege syktocht. Faak is net dúdlik hoe't de Joadske bern krekt nei Fryslân brocht binne. It wie gefaarlik, dus it gebeurde yn it djipste geheim.
Nammen waarden net opskreaun. De bern wiene sels faak noch hiel lyts en dat betsjut dat se sels gjin oantinkens hawwe oan har reis nei Fryslân. Dat makket it sykjen dreech. Boppedat is it 75 jier lyn, en in soad minsken dy't der fan wisten, libje net mear.
Troch kontakt te lizzen tusken minsken dy't reagearre hawwe, wurde der hieltyd mear puzelstikjes ynformaasje mei elkoar ferbûn. Ek troch kontakten mei it bûtenlân hopet it researchteam Joadske bern werom te finen. In protte minsken binne nei de oarloch ferhuze nei Israël of Amearika.
Martijn van Dijk, ûndersyksteam Joadske bern © Omrop Fryslân, Karen Bies
Martijn van Dijk is lid fan it researchteam en hy is alle dagen dwaande mei de speurtocht. Foar him is it deistich wurk, it beljen mei de minsken dy't reagearre hawwe en it neist elkoar lizze fan nammen en feiten.
"It binne puzelstikjes, en soms passe der in pear oan elkoar. De iene dei krije wy in mail dat ien op syk is nei in persoan. De oare deis wurde wy belle troch ien dy't dy persoan ken. Soms kinne wy minsken by elkoar bringe. It is in lytse wrâld, dat fernimst wol. It wurdt my troch dit ûndersyk ek hieltyd mear dúdlik hoefolle minsken der by it ûnderbringen fan dy Joadske bern belutsen wiene. Safolle hannen kamen dêr oan te pas."

Joadske mem

Soms is persoanlike belutsenheid in belangrike driuwfear om mei te wurkjen oan de research. Sue Smeding is ferbûn oan it Anne Frankhuis yn Amsterdam. Se is berne yn Ingelân. Har mem wie Joadsk en is as lyts famke yn de oarloch mei in grut bernetransport mei 10.000 bern fan Wenen nei Ingelân brocht.
Sue har mem hat sa de oarloch oerlibbe, mar de rest fan de famylje net. Sue wurket graach mei oan de syktocht, mar har persoanlike famyljeskiednis bringt ek emoasjes nei boppen.
Projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' © Omrop Fryslân
'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in projekt fan Stichting de Verhalen, yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske media. By Omrop Fryslân, it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant ferskine geregeld ferhalen oer de syktocht nei de Joadske bern. Sjoch ek op www.joodsekinderen.nl foar mear ynformaasje en alle publikaasjes.