Man komt om nei iensidich ûngelok by Tsjummearum

25 jan 2020 - 11:14

In 50-jierrige ynwenner fan de gemeente Waadhoeke is sneon om it libben kommen troch in ûngelok mei syn brommer.

Foto: Plysje

De man is troch ûnbekende oarsaak fan syn brommer fallen. Der wiene gjin oaren belutsen by it ûngelok.

It ûngelok barde krekt nei middernacht op de N384 yn Tsjummearum. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs en is dêr letter oan syn ferwûningen ferstoarn.

Trefwurden: 
plysje ûngelok Tsjummearum
(advertinsje)
(advertinsje)