Nijkommers fertelle har ferhaal yn teäterfoarstelling

25 jan 2020 - 10:13

Yn de nije foarstelling 'Hoe ik talent voor het leven kreeg' fan teätergroep 'Wat we doen' dogge neist akteurs ek statushâlders mei. It stik giet oer de ûnmacht en it wachtsjen fan statushâlders yn azc's.

Foto: Mohammed Alzoabi

"We maken de voorstelling naar aanleiding van het boek 'Hoe ik talent voor het leven kreeg' van de Irakese schrijver Rodaan Al Galidi", fertelt kreatyf direkteur Vincent Wijlhuizen. De skriuwer hat njoggen jier yn in azc yn Nederlân sitten.

"Vijf acteurs, vijf muzikanten en vijftig nieuwkomers doen mee en vertellen samen het verhaal." De nijkommers fine it gesellich en wurde freonen fan elkoar. "We hebben heel veel lol."

Elk hat syn eigen ferhaal en skiednis. "Al deze nieuwkomers weten hoe het is om te vluchten en om te wonen in een azc, dat eigenlijk een dorp is. Het is niet alleen theater, maar ook met dans en muziek laten ze een groot deel van hun eigen verhaal zien."

Kreatyf direkteur Vincent Wijlhuizen

It stik sil op 3, 4 en 5 april opfierd wurde yn De Harmonie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
AZC Teater statushâlders
(advertinsje)
(advertinsje)