Heale ton foar âlderein troch supermerkaksje

25 jan 2020 - 09:54

It Nationale Ouderenfonds hat goed 50.000 euro krigen fan supermerkbedriuw Poeisz. It jild komt fan in spesjale aksje dy't it bedriuw ôfrûne hjerst organisearre.

Foto: Pikrepo

Fan eltse spesjale oanbieding gie tsien sinten nei it Ouderenfonds. En minsken koene har staasjejild ek donearje. Dat smiet tsientûzenen euro's op.

It Ouderenfonds organisearret mei it jild útstapkes foar âlderein. Dy kin bygelyks te farren troch de Weerribben of in dei nei It Amelân.

(advertinsje)
(advertinsje)