Bertie Rodrigues hat har kleantsjes altyd bewarre

25 jan 2020 - 08:42

Tsientallen Joadske bern dy't út de kresj tsjinoer de Hollandse Schouwburg fan Amsterdam nei Fryslân smokkele waarden, kamen yn en om Snits terjochte. It ûnderbringen fan de bern by pleechgesinnen wie dêr yn hannen fan de kapelaan, de meniste dûmny en de herfoarme helppredikant. Doktersfrou Tal Gerritsma spile ek in haadrol.

Troch Wybe Fraanje

Meniste-tsjerke Snits - Foto: Omrop Fryslân

"Hoe ik precies in Fryslân terecht ben gekomen heb ik nooit kunnen achterhalen. Ik was nog geen twee jaar toen ik eind 1942, begin 1943 uit de crèche werd gesmokkeld", fertelt Bertie Rodrigues (78) út Dordrecht.

Se oerlibbe de oarloch yn de húshâlding fan fytsemakker Rypkema oan de Oppenhuizerweg. De kâns is grut dat se earst by dûmny Willem Mesdag en syn frou Sjoukje kaam, fan de meniste tsjerke. De koördinaasje fan de ûnderdûk yn en om Snits wie dy tsjerke oan de Singel.

It gebou liende him goed foar ûndergrûnske aktiviteiten, fertelt gemeentelid Schelte Zeilstra (84) út Snits. "Der wie in romte achter oargel, en ek noch ien boppe it oargel, dêr't ûnderdûkers sitte koene."

600 bern

Histoarikus Bert Jan Flim ûndersocht de help fan fiif Nederlânske fersetsgroepen oan sa'n 1100 Joadske bern. Piet Meerburg wie ien fan de driuwende krêften fan de Amsterdamse Studentengroep.

Tusken augustus 1942 en septimber 1943 krigen út de kresj sa'n 600 bern ûnderdak, ferspraat oer hiel Nederlân. Meerburg frege syn nicht Mia Coelingh, dy't helppredikante wie yn de herfoarme gemeente Snits, om help. Mia Coelingh wie goed befreone mei kapelaan Gérard Jansen fan de roomske parochy en se koe Willem Mesdag. De trije begûnen gear te wurkjen.

Wybe Fraanje

'Driemanschap'

Mesdag, Coelingh en Jansen foarmen in 'oecumenisch driemanschap', dat tsientallen bern út Amsterdam ûnderbrocht by Fryske ûnderdûkfamyljes. De bern waarden medysk ûndersocht troch húsdokter Hendrik Gerritsma. Syn praktyk wie oan de Singel, tusken de meniste fermanje en de roomske tsjerke.

Doktersfrou Tal Gerritsma-Bruins brocht bern mei de tram of achterop de fyts nei adressen yn de omjouwing. "Bonkaarten voor de kinderen kreeg ze van parochielid Willem Posthuma Mantje", fertelt Ineke Gerritsma (83) út Soest, de âldste dochter fan it dokterspear.

Bertie Rodrigues: "Ik weet dat Rijpkema mij bij mevrouw Gerritsma heeft opgehaald. Ik heb er tot mijn zestiende gewoond." Har broer hat ek de oarloch yn Fryslân oerlibbe. "Van mijn moeders familie - ze had drie broers - is helemaal niemand teruggekomen. Mijn vader was met vijf broers. Eén broer overleefde het."

Mia Coelingh - Foto: Omrop Fryslân

Húsbesites

Kapelaan Jansen gong op húsbesite by de parochianen om ûnderdûkgesinnen te wervjen. Foaral om de gruttere roomske mienskippen Boalsert en Blauhûs hinne. Mia Coelingh joech godstsjinstles op skoallen en hie kontakten yn Drylts, Ysbrechtum, Heech en De Gaastmar. Mesdag hie in soad adressen yn Drylts en de hiele Súdwesthoeke. "Der sieten in protte ûnderdûkers yn Goaiïngea en Skearnegoutum", wit Schelte Zeilstra noch.

Gérard Jansen (kapelaan roomske tsjerke) - Foto: Omrop Fryslân

Teesurrogaat

It ferhaal fan doktersfrou Tal Gerritsma stiet ûnder it pseudonym 'mevrouw Hendriksma' yn it boek 'Theesurrogaat voor Sneek', skreaun troch Jantje Bazuin. Dy titel ferwiist nei de koadetaal dy't de ûndergrûnske brûkte.

Hie in Joadsk bern donker hier, dan waard it yn de korrespondinsje 'koffiesurrogaat' neamd en socht men by foarkar in plak yn Limboarch. Blonde bern wiene 'theesurrogaat', sy waarden nei Fryslân brocht. Sa koene de bern yn famyljes opfongen wurde, sûnder dat se tefolle opfoelen.

Bertie Rodrigues (foto Marnix Schmidt) - Foto: Marnix Schmidt

Kleantsjes

Tal Gerritsma hie in foarútsjende blik, fertelt dochter Ineke: "Ze wist dat zeer jonge kinderen in een paar jaar heel erg kunnen veranderen. Ouders zouden hun kinderen misschien niet meer herkennen. Maar die zouden nog wel weten welke kleertjes ze hadden meegegeven. Dus zei mijn moeder tegen elk onderduikgezin dat ze één herkenbaar kledingstuk moesten bewaren."

Ek de famylje Rijpkema bewarre de kleantsjes dy't Bertie as lytse pjut oan hie doe't se oankaam. Se hat se altyd bewarre. Bertie Rodrigues: "Ze hangen nog altijd in mijn werkkamer aan de muur. Soms laat ik ze zien aan bezoekers. Die kunnen daar dan geëmotioneerd over worden. Voor mij is de emotie er wat vanaf, ik heb mijn verhaal al heel vaak verteld. Maar het is natuurlijk een onvoorstelbare, verschrikkelijke geschiedenis. Het verhaal is nooit 'weg'."

In langere ferzje fan dit ferhaal stiet dizze sneon yn de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad. De trije Fryske media fertelle de ferhalen oer de syktocht nei de Joadske bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderbrocht waarden op it Fryske plattelân. Sjoch ek op www.joodsekinderen.nl

(advertinsje)
(advertinsje)