Kollum: "It Nederlân fan D66"

25 jan 2020 - 08:17

"Nederlân stiet der mondiaal net al te goed op as it om de bestriding fan drugs giet. We wurde yn oare lannen sjoen as in narco-steat. In grut part fan de swier ferslaavjende pilleboel wurdt yn Nederlân fabrisearre. Net echt in titel dêr't je grutsk op wêze kinne, soenen je sizze. In koarte fakânsje nei Amsterdam betsjut foar in soad toeristen stoned as in gernaal oer De Wallen swalkje. Mei alle oerlêst dy't dêr by komt.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

De measte lannen dogge harren bêst om drugs te bestriden, omdat it net goed foar in minske is. Guon lannen hantearje de deastraf op it yn besit hawwen, ferfieren en brûken fan drugs. Yn Nederlân wurdt it brûken as frijwat normaal besjoen, as ik de lêste tiid wat om my hinne lês. De bern op bêd, heit en mem snuve efkes de noas fol. Is dat in goede ûntwikkeling?

Neffens regearingspartij D66 soe de ferkeap en it brûken fan drugs legalisearre wurde moatte, omdat alle bern yn Nederlân, en ik sitearje: 'it rjocht ha moatte soenen om feilich en sûnder skuldgefoel drugs te brûken'. Dit betink ik dus net, mar D66 hat der in grutte online kampanje foar optúgd ûnder de namme #ikmaakmedrug, mei in soadsje BN'ers dy't wakker yn koar roppe dat it belied sa as dat der no is, net wurket.

Oer dat belied binne we it wol iens. It is dweiljen mei de kraan iepen. De krityk fan D66 dêrop is terjochte. Mar, dêrnei nimt de partij in folslein ferkearde ôfslach. Yn stee fan mei te tinken hoe't je de wrâld frij fan dy rommel krije kinne, wolle se de hannel mar frij litte. Omdat it der is en je der dochs gjin finger achter krije kinne.

Dat is krekt itselde as ynbrekken, bêste minsken fan D66. Dat is der ek al sa lang as der minsken binne. Yn de measte gefallen smyt in ynbraak sels folle minder skea oan jo sûnens as op as it brûken fan drugs. En dochs stiet der lokkich noch altyd in straf op ynbrekken. 'Omdat it der dochs is', is gjin reden om ynbrekken dan mar frij te jaan, en it te regulearjen. Datselde moat jilden bliuwe foar drugs.

As je der wat muoite foar dogge, kinne je in soad ferhalen lêze oer de kearside fan de medalje fan it brûken fan drugs. It ferneatiget freonskippen, ferskuort gesinnen en it ferwoastet libbens. De achte Keamerleden fan it al mar populistysker operearjende D66 soenen ris in kear in ekskurzje nei ôfkick-klinyk dwaan moatte.

Of de ferhalen oanhearre fan in mem fan in crack-hoer. Dêrnjonken soenen se it boek De Totale Bedwelming fan Norman Ohler ris lêze moatte. Dat giet oer de freeslike dieden dy't de Nazi's ûnder ynfloed fan drugs dien ha en dwaan koenen, krekt omdat se drugs brûkten.

Drugs binne gjin dropkes. It jout bliuwende skea oan de harsens. Frije hannel liket miskien in oplossing foar in soad saken fan wat kriminaliteit yn en om it drugsmiljeu oanbelanget, mar dy weagje yn gjin gefal op tsjin de neidielen fan it massaal brûken fan drugs.

In partij dy't pretindearret Nederlân fossylfrij en enerzjy neutraal meitsje te wollen, moat foar de eigen leauweardigens yn elts gefal soargje dat de minsken dan de kop der wol by hâlde en net as junks mei in flesse goedkeape wyn ûnder in brêge bedarje.

It op dizze wize besykjen fan D66 om in jonge generaasje stimmers foar harren te winnen, tsjûget net echt fan in moreel kompas as it om de folkssûnens op lange termyn giet."

(advertinsje)
(advertinsje)