Opstapte wethâlder Stella van Gent: "Stok gezocht om mee te slaan"

25 jan 2020 - 08:05

Botsende karakters en ûnderling wantrouwen yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân ha úteinlik laat ta it opstappen fan PvdA-wethâlder Stella van Gent. Dat seit se yn It Polytburo.

Striid wie der foaral tusken har en CDA-wethâlder Maarten Offinga, dy't sjoen wurdt as de sterke man yn it kolleezje. Der waard neffens Van Gent socht nei in stok om har te slaan. No knettere it al folle langer yn it kolleezje, en toch seit Van Gent dat se net oankommen seach dat har kollega-wethâlders har kwyt woenen. Se jout ta dat soks miskien "polityk ûnnoazel" wie.

It offisjele ôfskied fan Stella van Gent wie woansdei. Se slút net út dat se troch wol yn de polityk, al sil dat nei alle gedachten net yn har gemeente Súdwest-Fryslân wêze. De kommende tiid sil se brûke om har te oriïntearjen op har takomst.

Van Gent sil dat dwaan by in pylgertocht troch Brazilië, it lân dêr't se jierren lyn in skoft wenne hat.

Stella van Gent

(advertinsje)
(advertinsje)