Befeiligingskamera's Drachtster ortodontist te sjen op ynternet

25 jan 2020 - 08:02

Bylden fan befeiligingskamera's fan de Orthodontiepraktijk Drachten ha in skoft lang online stien. Minsken koene sa fia ynternet live meisjen yn de behannelkeamer. Dat docht bliken út ûndersyk fan it KRO-NCRV programma Pointer.

Foto: Omrop Fryslân

It giet om kamera's dy't ferbûn binne oan it ynternet. De lokaasjes binne faak maklik te achterheljen wêrtroch't in grut privacy- en ynbraakrisiko ûntstiet. De Consumentenbond, befeiligingseksperts en Keamerleden roppe fabrikanten op om sa gau as mooglik feilichheidseasken op te stellen.

Meisjen mei de behanneling

It programma Pointer achterhelle de eksakte lokaasje fan goed 50 befeiligingskamera's yn Nederlân. De bylden binne maklik te finen op websiden. Mei it IP-adres en oan de hân fan de bylden kinne je dan frij simpel útfine wêr't de kamera hinget en wa't yn byld is. Dat slagge ek by de praktyk yn Drachten. Dêr koene je meisjen yn de behannelkeamers en ek yn de wachtkeamer. Minsken binne oan de hân fan de bylden maklik werkenber. De kamera's fan de praktyk binne yntusken offline helle.

Ut ûndersyk fan Pointer docht bliken dat in soad produsinten fan kamera's stekken falle litte. De gebrûksoanwizingen binne ûnfolslein en de ynformaasje op de ferpakking is min. Ek binne de wachtwurden maklik te rieden en is de software ferâldere. Konsuminten tinke dat se feilich binne, mar eltsenien kin meisjen mei wat dit soarte fan somtiden gefoelige en yntime bylden.

Foto: Omrop Fryslân

'Beelden bijna onvindbaar'

Nei in melding fan it programma Pointer binne de kamera's yn Drachten fuort offline helle. Wim ten Hove dy't ferantwurdlik wie foar de kamera's en de wurdfiering docht foar de praktyk fynt dat it allegear wol wat tafalt: "De beelden waren te zien op een site waarvan bijna niemand het bestaan weet. Er zijn dus kennelijk mensen en bedrijven die het nodig vinden dit soort beelden op te sporen. Maar hoeveel mensen hebben nou daadwerkelijk gekeken? Ik ken er niet één."

Ten Hove is him der fan bewust dat der data beskikber wie op ynternet: "Ja, dat ben ik, want dat was een bewuste actie. Het is alleen niet de bedoeling dat vreemden mee gaan kijken." Fan in datalek is neffens him gjin sprake: "Er hangen bordjes met de mededeling dat er cameratoezicht is."

Autoriteit Persoonsgegevens

By de Autoriteit Persoonsgegevens (AP) tinke se dêr oars oer. In wurdfierder stelt by Pointer it folgjende: "Dit zijn helaas voorbeelden die laten zien waarom goede beveiliging van persoonsgegevens van groot belang is."

De wurdfierder seit mei klam dat fan soksoarte fan datalekken melding makke wurde moat. De produsinten fan dit soarte kamera's binne ferantwurdlik foar de privacy. Dy moatte sa ûntwurpen wurde dat persoansgegevens net útlekke kinne. De AP kin boetes útdiele. Dat is oant no ta noch net dien.

Foto: Omrop Fryslân

Consumentenbond: ynbrek privacy

De kameraprodusinten witte fan de flaters yn de befeiliging, seit wurdfierder Gerard Spierenburg fan de Consumentenbond. "Ze zien alleen het probleem niet zo. Of ze vinden het niet nodig daar wat aan te doen."

By de ortodonsypraktyk yn Drachten is neffens Spierenburg sprake fan in grutte ynbrek op de privacy. "Als er in een behandelkamer een camera hangt, dan hangt die daar voor de veiligheid van de spullen en de orthodontist. Maar ik verwacht niet dat ik daar word gefilmd en dat die opnames wereldwijd te zien zijn."

"Dat zijn allemaal medische gegevens. En nu gaat het om een orthodontist, maar het zou ook kunnen dat je bij de huisarts of een kankerkliniek zit. Dat zijn toch best wel intieme dingen. Waar ligt de grens?"

Pointer is snein 26 jannewaris te sjen op NPO 2 om 21.10 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)