Selstraffen foar belutsenen by strjitrôf yn Wytmarsum

25 jan 2020 - 07:01

Trije manlju en in frou dy't begjin oktober belutsen wiene by in strjitrôf yn Wytmarsum, ha selstraffen krigen fan tusken de seis en de tolve moanne. It slachtoffer wie de eks-freon fan de froulike fertochte.

Beurs - Foto: Shutterstock.com

De man soe noch jild fan him ha moatten ha. Se hie mei him yn Wytmarsum ôfpraat. Dêr waard it slachtoffer klemset tusken twa auto's. Hy krige in mes op de kiel set en syn bûsen waarden trochsocht. Dêr waard net mear úthelle as in beurs mei wat paskes en lytsjild, en in pûdsje sjek.

Njonken dat de fjouwer fertochten allegear selstraffen krigen, moatte se it slachtoffer ek noch achthûndert euro smertejild betelje.

Trefwurden: 
Wytmarsum strjitrôf
(advertinsje)
(advertinsje)