Cambuur-trainer De Jong: "By minút stilte foar Chris koe ik it net drûch hâlde"

SC Cambuur hat freedtejûn de earste oerwinning fan 2020 behelle. Tsjin Jong FC Utrecht waard mei 3-1 wûn. By it skoft wie it 1-1. Yn de twadde helte namen de Ljouwerters ôfstân. De goals kamen fan Robin Maulun, Ragnar Oratmangoen en Robert Mühren.
Henk de Jong
Sa waard it in moaie én emosjonele jûn, dy't yn it ramt stie fan it betinken fan Chris de Wagt, dy't 19 jannewaris ferstoar. Dat makke yndruk op trainer Henk de Jong en hy typearre de wedstriid sa: "In oerwinning foar Chris de Wagt, syn famylje en Sandor van der Heide. De minút stilte wie al top, doe't de goal dy't we makken en de leafde dy't der útgong nei Sandor. En de supporters wiene geweldich. In respektfolle jûn, en sa heart it ek te wêzen."
De Jong hie op in gegeven stuit de triennen yn de eagen. "By de minút stilte seach ik nei de foto dêr't Chris en Sandor op stienen. God, jong, dan kin ik it net drûch hâlde. Dan bin ik miskien fierstente emosjoneel. Mar ik bin gewoan minske en ik bin bliid dat we it sa dien ha en dat we wûn ha."
Robert Mühren
Spits Robert Mühren, dy't ferline wike noch yn in dipke siet, wie ek hiel bliid mei de winst. "Het was moeizaam en als je dan met 3-1 wint, dan mag je heel blij zijn. Het gaf een ontzettende ontlading dat ik de 3-1 mocht binnen koppen."
It wie in swierdere wedstriid as normaal, seit Mühren. "Het ging op en neer. Hadden we weer een aanval, speelden we 'm een keer niet goed uit en dan moesten we weer die 70 meter terug. Continu druk gehouden, zoals we altijd doen, en dat vergt gewoon veel."
© www.orangepictures.nl