Snitser foar de rjochter: prostituee hie him frege as tuskenpersoan

24 jan 2020 - 22:57

In man út Snits wurdt derfan fertocht dat er in prostituee jild ôftroggele hat, neidat se him frege hie om in oare man om it libben te bringen. De frou stie freed foar de rjochter en as it oan Justysje leit, moat se in jier de sel yn.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der binne yn totaal trije minsken by dizze saak belutsen: de 35-jierrige prostituee út Súd-Hollân, de man út Snits (45) en in man út Elburg. Dy lêste wie it beëage slachtoffer. Hy siet tegearre mei de frou yn de prostitúsje. De man mishannele de frou, en al it jild dat se fertsjinne hold er foar himsels. Sy woe út dy situaasje ûntsnappe en seach gjin oare mooglikheid as moard. Doe kaam de Snitser yn byld.

De frou en de Snitser makken ôfspraken. Hy soe 11.000 euro krije, en dan in oar ynskeakelje dy't de opdracht útfiere soe. Mar dat hat er net dien. Doe't er it jild ienkear krigen hie, begong er de frou te bedriigjen. Hy sei dat er de petearen opnaam hie, dêr't sy de moardopdracht yn joech, en dat er se iepenbier meitsje soe as sy him net noch mear jild jaan soe. En sa waard de frou opnij twongen om yn de prostitúsje te wurkjen.

Beide manlju stiene tiisdei al foar de rjochter. It Iepenbier Ministearje easke doe in selstraf fan hast 2 jier tsjin de man út Elburg en ien fan goed 3 jier tsjin de man út Snits. Tsjin de frou easke er in jier, omdat se de man út Elburg om it libben bringe litte woe.

De rjochtbank docht op 11 febrewaris útspraak.

Redakteur Jitze de Vries oer de saak

(advertinsje)
(advertinsje)