Cambuur pakt earste trije punten fan 2020 troch oerwinning op Jong FC Utrecht

24 jan 2020 - 22:19

SC Cambuur hat de earste trije punten van 2020 yn de tas. Yn de thúswedstriid dy't yn it teken fan it ferstjerren fan Chris de Wagt stie, wûn de ploech fan Henk de Jong mei 3-1. De Ljouwerters pakke troch de oerwinning en it punteferlies fan Jong Ajax de kopposysje yn de Keuken Kampioen Divisie wer werom.

Foto: www.orangepictures.nl

Nei in yndrukwekkende minút stilte om it ferstjerren fan âld-spiler Chris de Wagt, wie it earste skoft fan de wedstriid foaral ôftaasten. Robin Maulun krige in kâns, mar skeat de bal krekt neist de goal. Mühren knikte in kopbal neist, wylst hy bûtenspul stie. Oratmangoen skeat yn de 21e minút in bal fan grutte ôfstân op de goal, mar de keeper Joey Houweling fan Jong FC Utrecht koe de bal frij simpel tsjinhâlde.

Cambuur kaam dêrnei wat mear yn it spul en dat late yn de 28e minút ta in goal foar Cambuur. Maulun skoarde nei in goede pass fan Jamie Jacobs. Jong FC Utrecht skeat nei 31 minuten op de goal, mar ek Sonny Stevens liet sjen dat hy wekker wie en pakte de bal. Jamie Jacobs dribbele yn de 36e minút knap de 16-meter fan Jong FC Utrecht binnen, mar kaam keeper Houweling op syn paad tsjin. De stân bleau 1-0.

Nei 40 minuten ferlear Mees Hoedemakers op it middenfjild de bal, De la Vega fan FC Utrecht wist wol ried mei dy bal en pleatste de bal yn de fiere hoeke, 1-1. Sonny Stevens koe gjin rêding mear bringe.

Flak foar rêst krigen de Ljouwerters noch in pear kânskes, mar dizze waarden net fersulvere. Yn de ekstra tiid fan de earste helte raasde it hiele stadion om in strafskop, mar skiedsrjochter Oostrom fluite foar in oertrêding dy't al earder begien wie troch in spiler fan Jong FC Utrecht. De bal fan in meter as tweintich waard troch Mühren yn de muorre trape. Dêrnei wie it ek fuort rêst.

De twadde helte sette Cambuur oan om op 'e nij op foarsprong te kommen. Sa krigen de Ljouwerters in soad hoekskoppen, mar kaam der hieltyd gjin goal út. Sa kopte Mühren yn de 55e minút de bal yn it sydnet, mar it wie optysk bedroch. Yn de 57e en 58e minút krige Cambuur kâns op kâns, mar de bal woe net yn de goal fan Jong FC Utrecht.

Nei 63 minuten slagge it de Ljouwerters dochs foarsprong te pakken. In lange pass fan efterút kaam oan by spits Robert Mühren, dy dribbele rjochting keeper Houweling. Mühren joech de bal ôf op Oratmangoen, dy't de bal simpel binnen lei.

Nei dizze goal sette Cambuur troch, om de folgjende goal te meitsjen. Nei in kâns fan Jacobs yn de 74e minút en in pear kear goed ferdigenjen fan Jong FC Utrecht, koe Mühren yn de 82e minút syn santjinde doelpunt fan it seizoen meitsje. Hy knikte in de lange hoeke binnen út in hoekskop.

Oan de ein fan de wedstriid krige ynfaller Akoy noch in enoarme kâns, mar hy skeat de bal op de peal. De oerwinning kaam foar de Ljouwerters net mear yn gefaar. Sa koe Cambuur de earste trije punten fan 2020 byskriuwe.

SC Cambuur - Jong FC Utrecht 3-1 (1-1). 28. Robin Maulun 1-0, 40. Giovanni de la Vega 1-1, 63. Ragnar Oratmangoen 2-1, 82. Robert Mühren 3-1.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten, Mac-Intosh,Van der Kaap; Oratmangoen (64. Paulissen), Hoedemakers, Jacobs (79. Breij); Maulun, Mühren, Antonia (89. Akoy).

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)