Hieltyd mear gymsealen, biblioteken en muzykskoallen ferdwine

24 jan 2020 - 21:57

Hieltyd mear gymsealen, biblioteken en muzykskoallen ferdwine. Dit komt ûnder oare troch besunigingen fan de gemeenten. Ek is it foar bygelyks gymnastykferieningen lestich om nije leden te krijen trochdat der mear nije sporten by komme, lykas trampolinespringe en freerunning.

De gymseal fan Wytmarsum moat de doarren slute fanwege besunigingen fan de gemeente. En dit foarbyld stiet net op himsels. Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân, makket him soargen oer dizze ûntwikkeling. Neffens him is de sluting fan de gymseal yn Wytmarsum in metafoar foar in folle grutter probleem.

"Wy libje yn in oare tiid as tritich jier lyn. Dat hâldt yn dat ferieningen mei moatte yn de ûntwikkeling fan dizze tiid. De leden freegje wat oars as doe en dêr sille sporferieningen har oan oanpasse moatte", seit De Vries.

Foto: Omrop Fryslân

Stichting Doarpswurk, makket him foaral soargen oer it grutte gehiel en net allinnich om de gymsealen. Neffens de Doarpswurk is der in grutte politike diskusje geande, om't doarpen hieltyd mear help nedich hawwe fan de doarpsbewenners en frijwilligers. Mar dêr is gjin jild foar, al is dat net de iennichste oplossing.

Direkteur Theo Andreae fan Doarpswurk: "Mei jild bliuwe de foarsjenningen der wol miskien, mar dy moatte ek effekt en nut ha. It giet benammen ek om de krêft dy't yn de mienskip sit. Mei syn allen de skouders derûnder sette, om de foarsjenningen yn stân te hâlden."

(advertinsje)
(advertinsje)