In nije lesmetoade: praktykûnderwiis jaan yn de praktyk

24 jan 2020 - 21:30

Praktykles jaan yn de praktyk. Dat is it útgongspunt fan de nije lesmetoade fan de praktykskoalle De Diken yn Snits. Sy binne op dit stuit dwaande mei in pilot om learlingen net allinnich praktykles te jaan op skoalle, mar ek letterlik yn de praktyk.

Ofrûne woansdei wie de earste ôflevering fan de nije rige 'Ik bin PRO' by Omrop Fryslân. Dêryn folget presintator Raynaud Ritsma in tal learlingen op it praktykûnderwiis en besiket hy de foaroardielen oer dizze tak fan it ûnderwiis út de wrâld te helpen. Omrop Fryslân hat de hiele wike oandacht foar dit tema. It ferhaal fan de learling, âlder, dosint, direkteur en wurkjouwer: it komt allegear foarby.

De teory op lokaasje

Dosint Nynke Tiersma is ien de inisjatyfnimmers fan dizze nije metoade. "Wy geane mei de bern bygelyks nei in tsiismakkerij, ONS Snits, Empatec en Zeeman. Hjir kinne se putsjes dwaan. Foar bygelyks ONS meitsje se de kantine skjin en lizze se de linen. Mar dêrby krije se ek teory op de lokaasje. Dat is in nij konsept en foar ús wurket it hiel goed."

Tiersma is al 15 jier dosint yn it praktykûnderwiis. Se fynt it geweldich om dit soarte studinten les te jaan. "It is in machtich type learling. Mei vmbo- of havo-studinten krijst folle minder in bân, mar dizze bern binne hiel tagonklik en iepen. Do kinst net om se hinne. Do bist dêrom as dosint folle wichtiger foar se as by oare studinten. Dêrtroch is it ek yntinsiver wurkjen."

Foto: Omrop Fryslân

Nettsjinsteande it hurde wurkjen is Tiersma altyd oan it sjen hoe't it ûnderwiis noch better kin en sa kaam se mei in tal oare dosinten op dit idee. "Learlingen komme by ús as se tolve jier binne en ús doel is eins om se sa min mooglik yn in lokaal te ha. Dêrom krije se praktyklessen by ús op skoalle, mar mei de teory binne se dan in stik minder serieus."

It 'beste beentje voor'

Dit is hiel oars as de bern bygelyks by ONS binnenkomme. "It is in minder feilige omjouwing. It is wat spannender. Se sette dêrom ek harren 'beste beentje voor' yn dy lessen. Wy ha wol meimakke dat in bern op skoalle sok ferfelend gedrach hie, dat der tocht waard dat hy noch net klear wie foar staazje. Mar sadree't er bûten de skoalle en yn it wurkfjild wie, waard hy hiel oars. It wurket dêrom echt goed."

Ik bin PRO

Yn Fryslân geane sa'n 1300 bern nei it praktykûnderwiis, it fuortset ûnderwiis foar bern dy't net nei it vmbo kinne, omdat se muoite hawwe mei learen. Oer de learlingen en it praktykûnderwiis besteane in soad foaroardielen, dêrom hat Omrop Fryslân yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân de telefyzjesearje 'Ik bin PRO' makke. 'Ik bin PRO' is fan woansdei 22 jannewaris ôf alle woansdeis te sjen om 17.30 oere by Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)