Jens Odgaard is wer earste spits by SC Hearrenfean

24 jan 2020 - 21:12

Nei de slitaazjeslach yn it bekerduel tsjin Willem II rjochtet SC Hearrenfean it fizier no wer op de kompetysje. "Dat we door zijn in de beker, geeft een enorme boost aan de groep. Ondanks alle vermoeidheid, is de vreugde heel erg belangrijk en daar krijg je dan ook weer energie van", sa seit trainer Johnny Jansen.

Nettsjinsteande 120 minuten bekerfuotbal is elkenien fit en dat jildt ek foar Jens Odgaard. De Deenske oanfaller wie sûnt desimber blessearre, mar komt werom yn de punt fan de oanfal. Dêrtroch moat Jordy Bruijn wer it fjild romje. "Jordy heeft het de afgelopen wedstrijden uitstekend gedaan, maar is van nature natuurlijk wel meer een middenvelder. Jens is nu weer fit, heeft alles meegedaan op de training, dat oogt prima en dus start hij", leit Jansen syn kar út.

Foto: www.orangepictures.nl

Hamdi 'The Butcher'

By de lêste trainingspartij stie Jens Odgaard tsjin Hamdi Akujobi oer en as je dat oerlibje, is dat in goed teken. "Hamdi is onze 'butcher' op de training, die raakt nog wel eens iemand. Hij heeft Jens ook even op zijn voeten gestaan, dus dat zit wel goed", laket Jansen.

Hamdi heeft even op zijn voet gestaan, dus dat zit wel goed.

Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean

AZ goede wedstriid

De útwedstriid tsjin AZ wûn SC Hearrenfean mei 2-4 en it wie ien fan de bêste wedstriden fan dit seizoen. "Dat was als collectief en eigenlijk in alles een hele goede wedstrijd. Daar hebben we echt een prachtig resultaat neergezet", seit Jansen. Sawol SC Hearrenfean as AZ ferlearen de earste wedstriid nei de winterstop. Hearrenfean ferlear fan Feyenoord, AZ fan Willem II.

Jansen ferwachtet dat AZ faker de bal ha sil as syn eigen ploech, mar dat hoecht net in probleem te wêzen. "AZ is samen met Ajax de best voetballende ploeg van Nederland. Wij moeten gewoon heel compact en agressief verdedigen. En als we de bal hebben, willen we echt meevoetballen en uiteindelijk moet dat tot kansen leiden. AZ zal dominant zijn, maar spelen op de counter is een kwaliteit van ons", leit Jansen út.

De wedstriid tsjin AZ set sneontejûn om 18.30 oere útein en is live te folgjen op de radio by Omrop Fryslân. It kommentaar wurdt dien troch Geert van Tuinen.

Ferwachte opstelling: Hahn, Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus, Faik, Kongolo, Veerman, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

(advertinsje)
(advertinsje)