FIDEO: It ûnbetelbere hynder fan Hylke de Jong

25 jan 2020 - 18:53

Hylke de Jong út Dokkum is sa wiis mei syn springhynder Osseweide's Headline, dat er him foar gjin goud kwyt wol. Hy hat al in bod fan in miljoen euro foar de sânjierrige rún krigen, mar hy ferkeapet him net. Ek net as der mear bean wurdt, want wa seit dat hy wer sa'n hynder fynt?

Mei syn sus Linda hat De Jong in hannelsstâl mei sa'n fjirtich hynders. Mar sa'n ien as dizze komt net faak foarby, tinkt hy. De Jong wol sjen hoe fier oft hy mei dit springhynder komme kin en hopet sels op de Olympyske Spelen.

Ofrûne freed die er foar it earst mei oan Jumping Amsterdam yn de ZZ-klasse. Dat waard gjin sukses, mar hy hat der alle fertrouwen yn dat hy mei Headline hiel fier komme kin.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ferslachjouwer Jantine Stoffers yn petear mei Hylke de Jong

Ilse Meijer, de freondin fan Hylke

Linda de Jong oer it net ferkeapjen fan Headline

(advertinsje)
(advertinsje)