Suzanne Schulting oer earste dei EK: "Het is gewoon top"

24 jan 2020 - 20:35

Suzanne Schulting sjocht tefreden werom op de earste dei fan it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Hongarije. Se pleatste har op alle ôfstannen foar de finaleronden. "Als ik kijk naar hoe ik heb gereden, dan is dat gewoon top."

Schulting is de topfavoryt foar de titel. Se pakte ferline jier ek de titel yn Dordrecht en elkenien let dus op har. Druk fielt se net echt, mar senuweftich is se wol. "Ik ben nog steeds nerveus. Dat ben ik eigenlijk altijd. Daar is niks aan veranderd. Maar zenuwen horen erbij en die gebruik ik alleen maar om harder te schaatsen."

Der wiene lûden dat it iis swier wie om op te riden, mar dêr hie Schulting gjin lêst fan. "De laatste ronde bijvoorbeeld op de 500 meter wordt het wat zwaarder. Maar dat is voor mensen zoals ik, die juist de duurbeulen zijn alleen maar gunstig. Dus ik heb daar geen problemen mee."

Schulting seach ek nei de konkurrinsje. Tusken de ritten troch hold se goed yn de gaten wat de oaren diene. Ariana Fontana út Italië liket de grutste konkurrint. "Dat denk ik ook. Ze reed wel goed vandaag. De Italiaanse Martina Valcepina foel op de 1500 meter. "Dus dat scheelt weer, ja. Ik kijk ook naar Efremenkova en misschien Mascitto."

Itzhak de Laat sette goede resultaten del, mar wie net tefreden. "Het wilde technisch niet zo. Het ijs is zwaar en normaal gesproken is dat als lichtgewicht in mijn voordeel. Maar als je technisch niet goed rijdt, dan heb je dat tegen je." Op it Nederlânsk kampioenskip ried De Laat ek net goed, wylst it op de trainingen wol goed giet. "Op de trainingen rijd ik beter dan ooit. Dus ik ga er vanuit dat ik morgen beter ben."

Daan Breeuwsma seach wat op tsjin dizze dei. "Ik fyn dy freeds altyd hiel ferfelend. Kinst it noait goed dwaan, mar allinnich mar min." Breeuwsma die it lykwols goed, want hy pleatste him op alle ôfstannen. "It wie goed. Net top, mar dat hoegde noch net."

Wat kinne we sneon ferwachtsje fan Breeuwsma? "As ik it bêste út mysels helje, bin ik tefreden. Ja, nee, dat wit ik wol. Dat is klisjee. No ja, in finale soe moai wêze." By de relay liket Hongarije de grutte favoryt mei Ruslân as konkurrint. Nederlân helle freed de heale finale. "Mar wy komme hjir fansels net foar it brûns. We wolle stride mei Hongarije en Ruslân. Dat soe moai wêze."

Sven Roes makke yn Hongarije syn debút op in ynternasjonaal toernoai. De Nederlânsk kampioen mocht meidwaan oan de relay en wie flink senuweftich. "Ik was echt nerveus. Je mag toch met de grote mannen meedoen. Bovendien wil je niet afgaan. Je wilt niet dat in de krant staat dat Sven Roes het verpest heeft." Roes is 20 jier en pleatste him mei de relayploech ienfâldich foar de heale finale. "Het ging goed, maar er zijn wel verbeterpuntjes."

Sneon rydt Nederlân de heale finale en de fraach is oft Roes dan wer ride mei of dat Dennis Visser fan De Lemmer meidwaan mei. "Ik hoop het, ik hoop het", seit Roes. Op dat momint komt bûnscoach Jeroen Otter neist him stean en as hy wer fuortrint, stelle we de fraach nochris. "Ik denk wel dat ik mag rijden, hahaha", einiget Roes mei in knypeach.

(advertinsje)
(advertinsje)