Willem Smink oer stimútslach Steaten: "Spitich foar mysels, en foar de Rekkenkeamer"

24 jan 2020 - 18:44

Willem Smink giet derfan út dat er gjin foarsitter wurdt fan de Noardlike Rekkenkeamer. Smink seit dat as reaksje op de stimming yn Provinsjale Steaten fan Fryslân fan ôfrûne woansdei. Hy seit der by dat er it wol tige spitich fynt foar himsels en foar de Noardlike Rekkenkeamer. Earder giene Provinsjale Steaten fan Grinslân en Drinte wol akkoart mei de beneaming fan Smink.

Willem Smink - Foto: Omrop Fryslân

Oer de stimming yn de Fryske Steaten is noch wol de nedige diskusje. Smink krige 17 stimmen foar en 6 stimmen tsjin, mar omdat der ek 17 blankostimmers wiene, krige syn kandidatuer gjin mearderheid. Neffens kommissaris fan de Kening Arno Brok is dêrmei de beneaming fan Smink fan de baan.

Op de stimproseduere kaam krityk fan de Ried fan Advys fan de Noardlike Rekkenkeamer en dêrom sille juristen en bestjoerskundigen dy proseduere noch in kear goed tsjin it ljocht hâlde. Smink giet der foarearst fan út dat dat neat oan de útslach feroarje sil. Hy rjochtet him foarearst op syn wurk as ynterim-direkteur fan de Fryske Akademy, dêr't er dwaande is mei in reorganisaasje.

Skea

Smink hâldt der rekken mei dat syn beneaming by de Rekkenkeamer net trochgiet fanwege syn krewearjen foar de Fryske Akademy, mar fynt dat net terjochte. "Ik haw der mei foar soarge dat de Akademy net fallyt gien is. Dat wie ek myn opdracht. It wurk by de Akademy hat neat mei in mooglike funksje by de Rekkenkeamer te krijen."

De bestjoerder fielt him wol skansearre troch de bysûndere gong fan saken. "Dit is net goed foar my en ek net foar de rekkenkeamer, want dy hie in bysûnder soarchfâldige proseduere."

Smink is yn de hjerst fan ferline jier unanym as foarsitter foardroegen troch de Ried fan de Advys fan de Noardlike Rekkenkeamer, dy't bestiet út steateleden út Fryslân, Grinslân en Drinte. Oant de stimming yn Provinsjale Steaten fan Fryslân like neat de beneaming fan Smink yn it paad te stean.

De Ried fan Advys sil nije wike beprate hoe't it no fierder moat mei de syktocht nei in nije foarsitter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)