IIswike by Omrop Fryslân: "In iisbaan winne, dat kin dochs net?"

It is al wer in skoft lyn dat wy yn Fryslân in perioade belibbe hawwe mei sterk iis. De temperatueren binne simpelwei te heech en moai iis wurdt dan lestich. Mar it langstme by de Friezen bliuwt grut: de iisbanen iepen, de fearten ticht, de redens ûnder, der op út! Dêrom is it, wat de temperatueren ek binne, fan 27 jannewaris oant en mei 2 febrewaris iiswike by Omrop Fryslân. Stim dus ôf op de Omrop, ek omdatst kâns meitsje kinst om foar in dei in keunstiisbaan te winnen!
© Omrop Fryslân
Jan Dirk, do bist projektlieder fan de iiswike by de Omrop. Wêrom fûnsto it wichtich om dit te organisearjen?
"It is al wer acht jier lyn dat der echt rûnom sterk iis te finen wie yn Fryslân. De temperatueren binne simpelwei hieltyd te heech of de winter komt te let, sa as yn 2018. Mar in protte Friezen wolle neat leaver as moai friezend waar, mei in blauwe loft, sterk iis en de fearten út. Foar iis kinne wy as Omrop Fryslân net soargje, mar it gefoel en de sfear dy't hearre by in iisperioade kinne wy wol oproppe."
Wat is no it grutte hichtepunt fan de iiswike dêr'tsto ús no al foar opwaarmje kinst?
"Wat ik sels hiel moai fyn, is it feit dat wy in 'iisbaan' foar ien dei fuortjaan meie. Myn kollega Johan Terpstra kaam mei it idee. Doe't ik it earst hearde, tocht ik: 'Dat kin dochs net?!' en 'Hoe wolst dat dan ha?!' Mar hy hat kontakt socht mei in bedriuw dat sa'n keunstbaan leverje kin, fan 10 by 15 meter, mei alles wat dêr by heart. Minsken dy't dizze iisbaan winne wolle, kinne harren opjaan fia omropfryslan.nl/iiswike en fertelle wêrom't se wol in iisbaan foar de doar hawwe wolle. En op sneon 1 febrewaris wurdt dy dan echt opboud by de winner. De reaksjes binne oerweldigjend. En fansels binne wy der by, mei radio en TV."
"Wat ek aardich is om noch efkes te beneamen, is de muzykstream op ús webside dy't fan moandei ôf te beharkjen is. Op dizze stream hearst muzyk fan 'e iisbaan om dy sa echt yn it winterwaar te wanen. En ik ferklap alfêst dat der in pear leuke grapkes yn de stream sitte dy't it harkjen seker wurdich binne. Fan it holle lûd fan de muzyk troch de speakers fan de iisbaan hinne oant oproppen dy't net te ferstean binne ûnder it reedriden. Ik tink dat elkenien dat wol herkent."
De lêste dagen ha ik al radiofragminten weromharke. Sa ek it ferhaal fan reedrider Rein Jonker, dy't him hielendal stikken ried.
Jan Dirk de Haan, projektlieder iiswike Omrop Fryslân
IIswike by de Omrop... dan moatte we it wurd dochs falle litte: Alvestêdetocht.
"Fansels! Op ferskate wizen sille wy de iiswike yn it ljocht sette, mar de Alvestêdetocht kin natuerlik net ûntbrekke. Sa geane wy op snein 2 febrewaris werom nei de Alvestêdetocht fan 21 febrewaris 1985, no 35 jier lyn. De lêste dagen ha ik al in oantal radiofragminten weromharke. Under oare it ferhaal fan reedrider Rein Jonker, dy't him hielendal stikken ried en foar de mikrofoan fan Omrop Fryslân gjin wurd mear útbringe koe."
Hasto sels ek oantinkens oan dizze Alvestêdetocht?
"De tocht fan '85 is de earste Alvestêdetocht dy't ik sels meimakke; ik wie noch in jonkje doe. It wie doe ek al 22 jier lyn dat de lêste tocht hâlden wie en eins wist ik net iens wat dat betsjutte, in Alvestêdetocht. Ik wit noch wol dat ik mei myn âlden, myn sus en broer al hiel betiid fan bêd wie om de wedstriid op TV te sjen. En dêrnei hawwe wy by Kleaster Eanjum (tusken Frjentsjer en Berltsum) in skoft by de rûte sjoen."
Soe er der nochris komme?
"Ik bin der net sa optimistysk oer, 2019 wie wer ien fan de waarmste jierren dy't ea metten is. Mar oan de oare kant, yn 2018 hawwe wy noch in perioade hân mei hiele lege nachttemperatueren. Dy winter kaam eins te let, dan leine de temperatueren oerdei wat te heech om oeral foar sterk iis te soargjen. Mar kommende wike sille wy ferskate saakkundigen dêr ek oer oan it wurd litte. Bygelyks yn in spesjale Buro de Vries, op snein 2 febrewaris. Under oaren foarsitter Wiebe Wieling, fan de feriening De Friesche Elf Steden is dan te gast. En ik hoopje ek foar de rest fan de wike op prachtige iisferhalen fan doe en no."
Dan noch in gewissefraach: hoe sit it mei dyn eigen reedriderskeunsten?
"Oei... Ik tink dat ik ein jierren '90 foar it lêst op redens stien ha. Ik ha as bern wol riden, mar hiel earlik sein bin ik der net atletysk genôch foar. Ik ha ek hiel gau lêst fan de kjeld. Dus as der al in Alvestêdetocht komme soe, en ik soe as ferslachjouwer op 'en paad moatte, soe ik soargje moatte foar elektrysk ferwaarmbere moffen. Oars bin ik al nei in oere útteld."
Fan moandei 27 jannewaris oant en mei snein 2 febrewaris is de iiswike by Omrop Fryslân te folgjen op radio, telefyzje en online. Ek is der in spesjale muzykstream op omropfryslan.nl te finen mei muzyk fan de iisbaan. Mear ynformaasje oer de iiswike en de aksjebetingsten om kâns te meitsjen op de keunstiisbaan binne te finen op omropfryslan.nl/iiswike.